Nieuwsberichten
kerstgroet
21-12-2017 20:35

Gods geheim
’t Geheim fan Gods grutte leafde
Stiet wer yn ’t folle ljocht
It boadskip fan ‘e ingel
In Godlik heilsberjocht


It heilsberjocht
Foar Maria ek foar Joazef
Foar de hoeders yn ‘e nacht
Foar de wizen út it Easten
Foar Gods folk, salang ferwacht

Foar alle minsken, alle folken
Foar elts dy’t der foar iepenstiet
Foar dy en my, net te befetsjen
Wûnderbaarlik wat Hy biedt

’t Heilsberjocht, noch altyd jildt it
It giet om aller mins behâld
’t Is Gods geheim, ’t is syn genede
Dat Jezus kaam op dizze wrâld

Wieke de Boer-Hiemstra


Noflike Krystdagen
en in
Lokkich 2018


Bondsbestuur Fries C.P.B.
Alle nieuwsberichten bekijken
Alle nieuwsberichten downloaden als RSS